Rekord tal besikers Snitswike

© Omrop Fryslân
De 71ste Snitswike hat in rekord tal besikers lutsen. Mear as 100.000 minsken kamen nei it sylevenemint. Dat docht bliken út in earste evaluaasje fan de plysje en de gemeente Snits.
De plysje hat mei elkoar 26 minsken oppakt foar mishanneling en fandalisme. De Snitswike is tongersdei ôfsletten mei de huldiging fan de silers en musyk yn de Snitser binnenstêd.