Galema wint ljepperij Drylts

© Omrop Fryslân
Fierljepper Ysbrand Galema hat woansdei de wedstryd yn Drylts wûn. De ljepper út It Heidenskip wie mei in sprong fan 18,34 meter de bêste. Thewis Hobma fan Easthim waard twadde.
By de junioaren sprong Hannes Scherjon wer oer de 18 meter. Hy wûn de deititel mei 18,26 meter. Alwin Fonk fan Burgum wûn by de jonges. De frouljuswedstryd waard wûn troch Jildou Postma fan Snits.