De Groot ljept oer de 20 meter
De tweintich metergrins by it fierljeppen is ferbrutsen. Jaco de Groot fan Kamerik sprong woansdei yn Linschoten in ôfstân fan 20,41 meter.
De Groot wie ek al de ljepper dy't oant no ta it fierste sprongen hat. Ofrûne wykein ljepte er al 19,96 meter. Dêrfoar wie Bart Helmholt fan Hurdegaryp de rekôrdhâlder, mei 19,77 meter.