Wer ynvaazje fûgels Noarderleech

10 aug 2006 - 10:09

Wol hast 200.000 fûgels binne dizze moanne wer te gast yn it Fryske Waadgebiet. Se komme út it hege Noarden en hâlde hjir in pitstop foardat se fierder nei Afrika fleane.

Yn de kwelders boppe Marrum en Ferwert, it Noarderleech, binne op it stuit wol 25 soarten trekfûgels te finen. Benammen de wylp, de bûnte gril, tsjirken, reade skriezen en kanoeten komme dit jier in soad foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)