Mear drokte op Fryske wetter

© Omrop Fryslân
It is oant no ta drokker op it wetter yn Fryslân as in jier ferlyn. Fan sân brêgen binne oant no ta de sifers oant july fan dit jier bekend. Dêrút docht bliken dat it oantal boaten op it Fryske wetter mei 2,5 persint tanaam.
Koprinner is de brêge oer de Janesleat by Langwar mei 2200 boaten mear as yn deselde perioade ferline jier. Dochs is der net oeral sprake fan in taname. By de brêge yn Warns binne goed twa tûzen boaten minder del kaam.