Mercurius stjoer Uruzgan.FM út

09 aug 2006 - 15:21

De lokale radiostjoerder Mercurius út Ljouwert sil fan nije wike ôf alle dagen in radioprogramma útstjoere dat spesjaal bedoeld is foar de Nederlânske militêren yn Afghanistan en harren famylje en kunde. It live-programma Uruzgan.FM wurdt makke troch de lanlike radiostjoerder 3FM en de Wereldomroep. Mercurius nimt it sinjaal oer.

It is mooglik om in plaat oan te freegjen foar de militêren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)