Kroechferbod foar Balksters

09 aug 2006 - 15:18

Foar twa jonges fan Balk driget in libbenslang kroechferbod. De Balkster horeka-ûndernimmers hawwe yn in konvenant bepaald dat sân oare jonges in ferbod krije fan in jier, mar dizze twa krije dus mooglik mear.

It útgeanslibben yn Balk hat al jierren in oerlêst mar in ynsident fan trije wike lyn wie foar de horeka de grins. In 34-jierige ynwenner fan it doarp waard doe sa slim mishannele dat er noch altyd yn it sikehûs leit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)