Jonge bellet 112 om 'e nocht

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdei yn Wolvegea in 16-jierrige jonge oanhâlden fanwege it misbrûken fan it alarmnummer 112. De jonge hie mei in pear oaren yn in telefoansel ferskate kearen mei 112 belle. De minsken yn de meldkeamer hiene dêr bot lêst fan. De plysjes dy't nei de telefoansel giene, seagen de jonges útnaaien. Nei in koarte syktocht koene se de 16- jierrige jonge oanhâlde. Se ha him meinaam nei it buro.