Ein foar buertbus Flieterpen?

09 aug 2006 - 09:58

De buertbus fan de Flieterpen hâldt nei 20 jier mooglik op te bestean. Der binne te min frijwilligers om mei de bus te riden. Seis dagen yn 'e wike giet de de bus fan Ferwert nei Dokkum en oarsom. De bus rydt oer tal fan lytse plakjes dêr't de gewoane bus net mear komt, lykas Raard, Reitsum, Ginnum en Hegebeintum.

It bestjoer kin it roaster benammen simmerdeis net mear rûn krije. Arriva is eigner fan de bus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)