Wâldsein ferlit SKS-wedstryd

09 aug 2006 - 09:58

It skûtsje fan Wâldsein hat de silerij by Ealehûzen tiisdei ferlitten. Skipper Ype van der Meulen soe oer stjoerboard foar de Heale Moanne del. Hy tocht dat it koe, mar yn in bakboard-stjoerboard-situaasje gie er ferlern. It protest dat er krige, wie sa terjochte dat er likegoed de wedstryd ferlitte koe.

Wâldsein krijt no 14 punten en ferliest dêrmei wol it twadde plak yn it klassemint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)