Nije direkteur tsjerke-stichting

© Omrop Fryslân
De stichting Alde Fryske Tsjerken hat in nije direkteur. It giet om Michael Zwartelé. Zwartelé is no noch ferantwurdlik foar de museale kolleksje fan it loftfeart-temapark Aviodon yn Lelystêd.
Hy sil fan 15 septimber ôf lieding jaan oan de meiwurkers en frijwilligers fan de stichting. Fierder sil hy him dwaande hâlde mei de 35 tsjerken en de 2 klokkestuollen, dy't eigendom binne fan de stichting.