Wâldsein wint en stiet twadde

© Omrop Fryslân
It skûtsje fan Wâldsein hat moandei winst boekt op eigen wetter, de Hegemermar. Wâldsein gie gelyk oan kop en kaam as earste oer de streek. Dat betsjut tagelyk in haal yn it klassemint foar Wâldsein, want se steane no twadde. Hearrenfean en de Heale Moanne einigen twadde en tredde.
Auke de Groot ferfong syn heit Meindert op skûtsje fan Starum. Dy is noch dûzelich fan de oanfarring sneon mei it skûtsje fan Earnewâld.