Littens wint generale Freule

07 aug 2006 - 21:12

Snein waard yn Frjentsjer de generale foar de Freule woansdei yn Wommels ferkeatst. De partij waard wûn troch Easterlittens. Yn de finale wûnen Grietzen Broersma, Knilles van der Burg en Feiko Broersma fan it partoer fan Berltsum mei Jelle Harm Kooistra, Hilbrand Stoffers en Frederik vd Meij.

De tredde priis wie foar Holwert dat foarich jier de Freule wûn. Om't keatsers net twa kear de Freule keatse meie, dogge se woansdei net mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)