Golden Earring yn Sint Nyk

© Omrop Fryslân
De band Golden Earring komt op 21 oktober nei Sint Nyk. De stichting Skokrock hat de band fêstlein foar in optreden yn maneezje De Oorsprong. Der is plak foar sa'n 2000 minsken.
Ferline jier wie der foar it earst in muzyk-evenemint yn de maneezje fan Sint Nyk. Doe wie der in pirate-festival. It wie net iens sa dreech om in topband as Golden Earring fêst te lizzen, neffens de organisaasje.