Nominaasjes Stellingwarver priis

© Omrop Fryslân
De sjuery fan de Stellingwarver Schriefwedstried hat trije skriuwers nomineard foar de haadpriis. It binne Roelie Bakker fan Makkingea, Harmen Houtman fan it Hearrenfean en Sjoukje Oosterloo-Tiesinga fan Gersleat. De Stellingwarver Schriefwedstried wurdt om de trije jier hâlden.
Der binne dit jier 15 ynstjoerings. De organisaasje is dêr tefreden oer. De haadpriis fan 500 euro wurdt yn novimber útrikt.