Manlju stelle farske bôle

07 aug 2006 - 11:58

Twa manlju fan it Hearrenfean en de Lieke binne moandeitemoarn betiid op it Hearrenfean oanhâlden, omdat se in grut tal bôlen stellen hiene. Plysjes seagen de twa fytsen mei de farske bôle.

De manlju koene net útlizze hoe't se dêr oankamen. Ut ûndersyk die bliken dat de bôlen stellen wiene by in supermerk oan it Akkersplein. Dêr wiene se de moarns besoarge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)