Reklame nedich foar farrûte

© Omrop Fryslân
De Lits-Lauwersmarrûte is noch net sa bekend by toeristen. De historyske farrûte tusken Dokkum en Drachten is opwurdearre: it wetter is útbaggere en brêgen binne ophege. Mar ûndernimmers by de route del fernimme net dat der troch dy ferbettering fan de rûte no mear boaten oanlizze.
Foar boatsjefarders is it in relatyf ûnbekend gebiet. Der soe mear promoasje foar makke wurde foar de Lits-Lauwersmarrûte.