Recordpogingen yn Snitswike

07 aug 2006 - 10:43

Yn de Snitswike sille trije pogings dien wurde troch jongeren om yn it Guiness Book of Record te kommen. De pogings wurde dien op in stik greide foar camping De Potten oer. Se wurde organiseard troch in jongerenblêd.

Sneontejûn wurdt besocht om tûzen ballonnen yn sa koart mooglike tiid kapot te meitsjen. Snein wurdt besocht om de grutste aerobicsklasse fan de wrâld byinoar te krijen. Moandei besykje se in human snake te foarmjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)