Hamburg wint frouljusfuotbal

© Omrop Fryslân
Hamburg SV hat de finale fan it frouljusfuotbaltoernoai yn Seisbierrum wûn. De finale gie tsjin de winner fan ferline jier, it Belgyske Anderlecht. De finale waard mei strafskoppen beslist.
It is de twadde kear dat fuotbalferiening AVC fan Seisbierrum it toernoai organiseart. Ynternasjonale topteams as HSV, Leipzig en de Faroër Eilannen kamen dêrfoar nei Fryslân.