Ferkearsmaatregels by Freule

© Omrop Fryslân
Om it ferkear mei de Freulepartij yn goeie banen te lieden wurdt de beboude kom fan Wommels de hiele dei ôfsletten foar auto's. Om it doarp hinne komme in pear grutte parkearplakken. Dy binne oan de Walperterwei, de Van Sminialeane, de Súdhoeke en de Hottingawei.
De gemeente soarget ek foar 2 plakken foar fytsen. Besikers fan de Freule kinne de fyts kwyt by it Bogerman- kolleezje en by de Walperterwei.