51 partoeren lotsje foar Freule

07 aug 2006 - 10:33

Sneontejûn wie yn Wommels de lotting fan de Freule, de keatspartij foar jonges fan 14 - 16 jier. De Freule wurdt woansdei yn Wommels ferkeatst. Thúspartoer Wommels, foarich jier noch twadde, kaam as earste út de bus. Se moatte it opnimme tsjin Boazum. De winner fan foarich jier, Holwert, ûntbrekt.

Der steane dit jier 51 partoeren op 'e list wêrfan't sa'n tolve kânshawwer neamd wurde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)