Nije foarynse by PC-winners

© Omrop Fryslân
It partoer dat dit jier de PC wûn, hat foar takom jier in nije foarynse. De opfolger fan Kor Zittema wurdt Auke van der Graaf. Auke van der Graaf is no noch achterynse by Klaas Berkepas en Jan Willem van Beem en draait oant no ta net sa'n bêst seizoen.
Johan van der Meulen en Taeke Triemstra moasten omsjen nei in nije foarynse, om't Kor Zittema (35) oanjûn hie nei dit seizoen net fierder te wollen.