Website GGD lûkt mear minsken

© Omrop Fryslân
Hieltyd mear minsken sykje ynformaasje oer harren sûnens op de website fan de GGD Fryslân. Dat stiet yn it jierferslach 2005. De website fan de sûnenstsjinst is ferline jier 365.000 kear besocht. Yn 2004 wiene dat der 217.000.
De measte besikers sjogge nei de produkten en tsjinstferliening fan de GGD. De measte ynformaasje dy't minsken downloade hat te krijen mei seksuele hygiëne.