Skeel Fiberworld mei KPN

06 aug 2006 - 12:24

Ynternetoanbieder Fiberworld fan it Hearrenfean hat meiïnoar sa'n 3500 klanten ferlern troch in skeel mei KPN; 4000 minder as ferwachte.

KPN hat yn juny op grutte skeal klanten fan Fiberworld ôfsletten fan it ynternet fanwege in iepensteande rekken fan acht ton. De measte klanten fan Fiberworld binne doe gelyk oerstapt nei KPN. Fiberworld sil in skeaclaim yntsjinje tsjin KPN om't it no ynkomsten misrint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)