Earste oerwinning Ulbe Zwaga

06 aug 2006 - 12:23

Skipper Ulbe Zwaga hat mei it skûtsje fan Ljouwert syn earste oerwinning yn it SKS-skûtsjesilen te pakken. Nei in oere silen stjitte er yn de wedstryd op de Iselmar by Starum De Heale Moanne en Wâldsein fan de kopposysjes. Ek De Lemmer die it goed: yn it begjin yn de middenmoat, mar einigje as twadde. Tredde waard De Jouwer.

De wedstryd einige mei fjouwer protesten en lichte averij yn de foarm fan in lam swurd foar Langwar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)