Drafkoersen yn septimber op tv

© Omrop Fryslân
De útstjoerings fan de hynstekoersen op de drafbaan fan Wolvegea by stjoerder SBS6 begjinne yn septimber. Dat seit direkteur Wiebe Hofstra fan de Drafbaan yn Wolvegea. It is de bedoeling dat de koersen yn Wolvegea alle sneontejûnen rjochtstreeks te folgjen binne by SBS6.
It publyk kin fia ynternet en mobile telefoan jild ynsette. Hofstra hopet dat de draf -en rensport sa wer populêrder wurde sille.