De Groot fierder op oar skûtsje

© Omrop Fryslân
Skipper Meindert de Groot belibbe sneon noch in benaud avontoer op de Iselmar by Starum. Troch in ynskattingsflater botste syn Súdwest- hoeke op it skûtsje fan Earnewâld. Troch de klap waard De Groot oerboard slingere. Hy koe him fêsthâlde oan it Earnewâlder skûtsje. De bemanning hat him oan board holpen. De Groot kin wol swimme, mar is dêr gjin stjêr yn.
Yntusken hie soan Auke de Groot it oernommen op de Súdwesthoeke.