Plastic flessen apart ynsammelje

05 aug 2006 - 17:42

Ljouwert docht mooglik mei oan in eksperimint mei it apart ynsammeljen fan plastic flessen. It giet dan om flessen sûnder staasjejild. De organisaasje Nedvang is drok dwaande mei it opsetten fan in systeem foar it skieden ynsammeljen. Dêrfoar binne ôfspraken makke mei Midwaste en yn dy organisaasje sit ûnder oaren ek Omrin yn Ljouwert.

Doel is dat úteinlik 55 persint fan de plastic flessen apart ynsammele wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)