Oanhâlding foar besit harddrugs

05 aug 2006 - 16:40

De plysje hat sneon op It Hearrenfean in 26- en in 27-jierrige man út de gemeente Skarsterlân oanhâlden omdat se harddrugs by har hiene. De twa stiene mei har auto op de Dreef, doe't in foarbyridende plysje op it dak fan de auto in blikje stean seach mei dêryn in pûdsje mei wyt poeier.

Nei kontrôle die bliken dat de 27-jierrige man ek noch twa wikkels mei harddrugs by him hie. De drugs en it mes binne yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)