Man rydt yn op winkel

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon in 42-jierrige man út Ljouwert oanhâlden neidat er mei in stellen auto in winkel ynride woe oan de Schrans yn de stêd. De man fernielde derby de gevel fan de winkel, mar naaide út sûnder wat mei te nimmen.
De plysje gie op ûndersyk út en koe de man nei in achterfolging oanhâlde op de Oostergoweg. De auto is yn beslach nommen en de man is meinommen nei it buro.