Wynhoas oer Skiermûntseach

05 aug 2006 - 13:10

Oer Skiermûntseach hat freedtemoarn in wynhoas lutsen. De wynhoas ûntstie oan de westkant fan it eilân en raasde dêrnei oer it Waad.

Troch de hurde wyn binne op in kamping beammen út de grûn rukt. Ek fleach in partytinte de loft yn. By in buorkerij binne platen losrekke. Ek binne fan in wenning pannen fan it dak ôfwaaid. De skea foel úteinlik ta. De wynhoas wie hiel pleatslik. In grut part fan it eilân hat der neat fan fernaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)