Earetitel foar Jan Kooistra

05 aug 2006 - 13:09

Jan Kooistra fan Grou is freedtejûn útroppen ta skipper yn de oarder fan de Sneker Pan. Kooistra hat jierrenlang yn de organisaasje fan de Snitswike sitten.

Dit jier organisearret hy it hurdsilen foar it lêst. Fierder wie Kooistra fan 't jier noch wedstrydlieder fan de race foar sinneboaten. Kooistra krige de ûnderskieding by de start fan de Snitswike. Der binne fan it jier wat minder dielnimmers as oars; sa'n 750.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)