Zwolle - Hearrenfean: 1-1

05 aug 2006 - 12:11

Hearrenfean spile freedtejûn mei 1-1 lyk yn de oefenwedstriid yn en tsjin Zwolle. It wie fan Hearrenfean-side in dramatysk minne wedstriid. Al nei 5 minuten kaam Zwolle op foarsprong troch in goal fan âld-Harkemase Boys spiler Anton Jongsma.

Pas yn de slotfaze makke Niklas Tarvajärvi de lykmakker. Dêr tuskenyn wie Zwolle de bettere ploech en bakten de mannen fan Gertjan Verbeek der neat fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)