Wetteroerlêst troch swiere buien

© Omrop Fryslân
Rûnom yn de provinsje ha swiere buien yn de nacht nei freed en freedtemoarn foar wetteroerlêst soarge. Yn Ljouwert stiet de tunnel by de Ie-brêge ûnder wetter. In pomp wie stikken gien. De gemeente pompt no it tunneltsje leech.
Op oare plakken is de brânwacht oproppen om kelders droech te krijen. Yn Reduzum wiene wetterproblemen yn de Haadstrjitte. Ek oan de Kromwâl yn Britswert en yn Snits wie oerlêst.