Earste opnames Fideofolk

04 aug 2006 - 16:47

Yn de Griene Stjer by Ljouwert binne freed de earste opnames makke foar it nije programma Fideofolk. Yn it programma sille filmkes toand wurde dy't minsken sels makke ha oer dingen dy't har dwaande hâlde.

Renate Kuivenhoven, de winner fan TV-Talint, sil it presintearje. Minsken dy't meidwaan wolle, krije in pear dagen in lytse kamera thús en wurde begelaat troch in programmamakker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)