Buizen Kijlstra foar oefenheuvel

© Omrop Fryslân
Buizen en oar materiaal fan de firma Kijlstra Beton yn Drachten sille brûkt wurde foar de bou fan in militêre oefenheuvel yn Bergen yn Noard-Hollân. De Nasjonale Reserve, de Natres, hat de materialen besteld foar in rioel fan 19 meter breed en 26 meter lang.
De oefenheuvel komt op it eardere Dútske fleanfjild yn Bergen. Net allinnich de Natres, mar ek brânwacht en plysje sille oefenje yn it ûndergrûnske gongenstelsel.