Stifting foar studintehúsfesting

© Omrop Fryslân
De húsfesting fan bûtenlânske studinten yn Ljouwert wurdt tenei regele troch in nije stifting. De stifting is in inisjatyf fan de trije Ljouwerter hegeskoallen. It moat problemen út it ferline foarkomme.
Sa wiene der ferline jier in soad klachten oer de kwaliteit fan de ûnderkommens oan de Rengersleane. It hjoeddeistige Rengersparkkompleks sil sloopt wurde om plak te meitsjen foar 240 nije studintewenningen.