Ynbrutsen yn Burgum en Ljouwert

04 aug 2006 - 11:12

Yn in sportkantine oan de Boargemaster Lohmanleane yn Burgum is fannewike ynbrutsen. De dieven ha in rút fernield om deryn te kommen. Se ha wat kratten bier, flessen frisdrank, in ôffalbak en snobbersguod stellen.

En by in ynbraak fannewike by in bedriuw oan de Snekertrekwei yn Ljouwert is foar tûzenen euro's stellen. De dieven kamen deryn troch in rút te fernielen. Se binne útnaaid mei kompjûters, brillen en horloazjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)