Rjochtsaak tsjin jonge útsteld

© Omrop Fryslân
De rjochtbank hat de saak tsjin in Ljouwerter jonge (16) oanhâlden, omdat it psychiatrysk rapport noch net klear is. De jonge wurdt fertocht fan ôfpersing en poging ta deaslach.
Tegearre mei in oare jonge fan deselde leeftyd hie er learlingen by it Comeniuscollege slein. Ek persten de jonges leeftydsgenoaten ôf en wiene se tige agressyf. Der binne ferskate oanjeftes tsjin de twa dien.