Tredde winst foar Grondsma

04 aug 2006 - 10:38

Skipper Jitze Grondsma hat mei it skûtsje D'Heale Moanne op 'e nij in SKS-wedstriid wûn. By Langwar gong Grondsma al foar de tredde kear yn fiif dagen as winner oer de streek.

De striid om it twadde plak wie oan de ein ta tige spannend. In stik as seis skippen sylden dêr foar. Uteinlik waard Hearrenfean twadde, foar Wâldsein. Yn de top fan it klassemint sit it noch tige ticht by-inoar. Grou giet noch krekt oan de lieding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)