Seldsume orchideeën fûn

04 aug 2006 - 10:37

Yn it Lauwersmargebiet binne twa foar dat gebiet seldsume orchideesoarten oantroffen. Alerte kuierders wiisden Steatsboskbehear op de plantsjes. It giet om de brede kaaiblom en it noch unikere grutte stobbekrûd. Ut it hiele lân wei komme leafhawwers om de planten te besjen.

Steatsboskbehear sjocht it as in sinjaal dat se it gebiet goed beheare. It soe Steatsboskbehar net fernuverje as der mear nije soarten fûn wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)