GPTV wreidet út

© Omrop Fryslân
GPTV giet de konkurrinsje oan mei Omrop Fryslân. De lokale TV-stjoerder fan heit en soan Gerstel út Harns sil fan 1 oktober ôf te sjen wêze yn 19 gemeenten yn ús provinsje. Mei alle dagen 15 oant 30 minuten televyzje.
GPTV hat de kabelkranten yn 16 gemeenten oerkocht fan Boom Pers. It giet om de Súdwesthoeke en in grut gebiet yn en om Ljouwert. Troch de útwreiding is Gerstel op syk nei freelancers en kameraminsken.