Trio Van der Meulen wint PC

03 aug 2006 - 17:45

It partoer fan Johan van der Meulen, Kor Zittema en Taeke Triemstra hat woansdeitejûn de 153e PC wûn. Se wûnen yn de spannende finalepartij mei 5-3 en 6-4 fan it partoer fan Rutmer van der Meer, Jacob Wassenaar en Chris Wassenaar. Taeke Triemstra waard útroppen ta kening.

Kor Zittema nimt nei dizze PC ôfskie fan it keatsen. Hy hie noch net earder de PC wûn. Zittema makket noch wol dit keatsseizoen ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)