22 minsken bekeurd nei PC

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdeitejûn nei de PC yn Frjentsjer 22 minsken op de bon slingere. Se krigen in bekeuring foar bygelyks wyldpisjen of foar balstjurrigens. De plysje moast ek noch yn aksje komme by in fjochtpartij.
Seis minsken hiene it mei inoar oan de stok krigen. Doe't in gruttere groep him dermei bemuoie soe, moast de plysje yngripe. By de gebrûklike alkoholkontrôle op de jûn nei de PC hat de plysje trije bekeurings útdield.