Oerfallers oanhâlden

03 aug 2006 - 12:47

De plysje hat woansdei yn Drachten fjouwer minsken oanhâlden dy't koart dêrfoar in man yn syn eigen hûs oerfallen hiene. De man die de doar iepen doe't der oanbelle waard. Hy waard doe troch in man achterút treaun en moast syn jild en horloazje jaan.

In foarbygonger seach hoe't de fertochte yn in auto stapte en koe it kenteken trochjaan oan de plysje. Dy koe nei in koarte sykaksje fjouwer minsken oanhâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)