Mear fytserekken yn Snits

03 aug 2006 - 12:23

Winkeljend publyk yn Snits makket in soad gebrûk fan de nije fytsestallings dy't der kaam binne. De gemeente hat it tal stallings yn it sintrum bot útwreide. Minsken kinne har fyts no ek fergees yn in bewaakte stalling sette.

Snits hat de maatregels naam omdat der in soad klachten kamen oer it tekoart oan fytserekken. Minsken ergeren har der ek oan dat fytsen oeral samar delset waarden, en dan foaral bûten de fytserekken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)