Miljeustrjitte yn Stiens iepene

03 aug 2006 - 10:08

Ynwenners fan Menameradiel, It Bilt en Ljouwerteradiel moatte harren ôffal fan no ôf nei Stiens bringe. Dêr is woansdei de nije miljeustrjitte iepen gongen. It stoart yn Sint Anne is dêrmei definityf sletten. Dat moast ticht omdat it te lyts en te gaotysk waard.

De nije miljeustrjitte is grutter en oersichtliker. Ek mei der yn de nije strjitte grof snoei-ôffal brocht wurde. Dat koe foarhinne net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)