Mear jonge fûgels op Waad

© Omrop Fryslân
It is in hiel goed jier foar de fûgels op it Waad. Troch beskermjende maatregels en moai waar binne der in rekordtal jonge fûgels útflein. Fral rêst helpt de fûgels, docht bliken.
Op Skylge slút Steatsbosbehear de Boschplaat it hiele briedseizoen lang ôf foar kuierders. Sûnt dy tiid komme der folle mear soarten foar en is it tal briedpearkes drastysk tanaam.