Pama: 'Stake hie net hoegd'

03 aug 2006 - 10:08

De oefenwedstryd tusken fuotbalclubs Cambuur en RKC Waalwijk yn Frjentsjer hie net staakt wurden hoegd as de begelieding fan RKC him rêstich hâlden hie. Dat seit direkteur Alex Pama fan Cambuur. De wedstryd hie trochgean kinnen as de skiedsrjochter reade kaarten útdield hie en de bank fan RKC net opspatten wie, seit Pama.

Pama wol de taskôgers fan de wedstryd in tagongskaart foar de earste thús-kompetysjewedstryd oanbiede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)