Steatsried: Gjin fraude by CHN

© Omrop Fryslân
De CHN yn Ljouwert hoecht foarearst gjin 830.000 euro werom te beteljen oan it ministearje fan ûnderwiis. Dat hat de Raad van State yn Den Haach woansdei bepaald.
De CHN soe ûnterjochte subsydzjes krigen ha, foar de bekostiging fan foar bûtenlânske studinten út Moskou en Jakarta. Earder waard de CHN al troch de rjochtbank yn it gelyk steld. De skoalle ferwachtet dat de fraudesaak no fan de baan is.